Gjin tydlik perron foar festivals yn Griene Stjer

28 mrt 2018 - 13:09

Mei de festivals Welcome to the Village en Psy-Fi komt gjin tydlik treinstasjon by it festivalterrein yn de Griene Stjer yn Ljouwert. Dat seit ferfierder Arriva. De organisaasjes fan de festivals hiene frege om in tydlik perron by de oergong fan it Alddiel. Mar neffens Arriva docht sa'n tydlik stasjon in te grutte ynbrek op de reguliere tsjinstregeling.

Boppedat binne de feilichheidsregels om it spoar hinne sa oanskerpe, dat sa'n perron net helber is.

(advertinsje)