Monteur: "We kinne de Grinzers net fierder sakje litte"

28 mrt 2018 - 13:04

It plan dat húshâldens fan 2021 ôf cv-tsjettels allinnich noch ferfange meie yn kombinaasje mei in waarmtepomp, komt eins te let. Dat fynt ynstallateur Durk Altenburg fan It Hearrenfean. Soks hie al folle earder moatten neffens him.

Om it klimaatferdrach fan Parys realisearje te kinnen, moat Nederlân folle minder ierdgas brûke yn de takomst. It plan foar in duorsum alternatyf komt fan in grut tal organisaasjes, wêrûnder de ynstallateurs, Gasunie en Essent. Neffens Altenburg wurket in waarmtepomp folle better as in tradisjonele cv-ynstallaasje en is dy ek suniger. In waarmtepomp hellet de waarmte út de bûtenloft wei.

Durk Altenburg is al hast 30 jier monteur. "Doe't ik fan skoalle kaam, wie der al in tekoart oan monteurs, en dat is noch hieltyd sa." Hy is foar it plan. "We kinne de Grinzers net fierder sakje litte."

Trefwurden: 
CV waarmtepomp monteur
(advertinsje)