Treinreizgers: yn desimber net mear oerstappe yn Meppel

28 mrt 2018 - 12:54

Treinreizgers rjochting Zwolle hoege mooglik fan desimber ôf net mear oer te stappen yn Meppel. Dat sei deputearre Johannes Kramer woansdei yn de Steaten. Hy is dêroer yn oerlis mei de NS. Sûnt desimber foarich jier is der gjin streekrjochte ferbining mear mei it stasjon yn Zwolle.

De reistiid is dêrtroch bot tanaam. Goed 4.000 minsken hawwe in petysje tekene om hjir wat oan te dwaan. Ek hat yntusken in petear west mei de NS. As it trochgiet dan rydt de trein net earder as yn desimber troch. Dan giet de nije tsjinstregeling fan de NS yn. 

(advertinsje)