Earste ljipaaien yn fjouwer gemeenten fûn

Argyffoto © BFVW Wiebe Palstra
Jelte Bakker út Ginnum hat tiisdeitemiddei it earste ljipaai fan Ferwerderadiel fûn. De feehâlder die de fynst yn syn eigen lân. Boargemaster Wil van den Berg ûntfangt Jelte Bakker tongersdei op it gemeentehûs. Dêr krijt er syn finerslean en in sertifikaat.
Mink Jelle Zijlstra út Dokkum fûn tiisdei it earste ljipaai fan Dongeradiel, yn de Anjumer Kolken. Lokoboargemaster Pytsje de Graaf sil him ûntfange.
Ek yn de gemeente Harns is it earste ljipaai fûn. Anne Wind út Penjum fûn it woansdei tusken Harns en Achlum. It is de twadde kear op rige dat Anne it earste aai fûn.
Hennie van der Heide út Aldhoarne fûn it earste ljipaai fan de gemeente Eaststellingwerf, by Makkingea yn de polder achter de mûne. Hy wie foarich jier ek al de earste finer. Boargemaster Oosterman ûntfangt Van der Heide tongersdei.