Rendert Algra foar tredde kear yn Provinsjale Steaten

Rendert Algra fan Jobbegea is woansdei foar de tredde kear weromkommen yn Provinsjale Steaten. De CDA-politikus is beëdige troch de kommissaris fan de Kening. Earder siet hy al foar it CDA yn de Twadde Keamer. Om't er no foar de tredde kear ynstallearre wurdt, hat syn frou him frege goed nei te tinken oer syn politike takomst. Hy sit der foar in jier, want dan binne der wer ferkiezingen. It liket derop dat er de portefúlje fan ynfrastruktuer krijt, Fryske diken en farwegen.
Ek Anne Schelhaas en Johan van Tuinen binne as steatelid beëdige. De trije CDA-ers nimme de plakken yn fan Wendy Zuidema-Haans, Hans Visser en Wim Eilering. Dy hâlde der om ferskate redenen mei op.