Protte glêsiel útset yn it Fryske binnenwetter

28 mrt 2018 - 12:07

Oardel miljoen jonge ieltsjes binne woansdeitemoarn útset yn de Fryske binnenwetters. Tolve beropsfiskers sammelen harren by it Woudagemaal op De Lemmer om te helpen by it útsetten fan de jonge iel. Dy komme út de Sargassosee, 6000 kilometer hjirwei. Se swimme hjir hinne om yn it swiete wetter op te groeien, mar komme net lâns ús diken. Dêrom wurdt de iel elk jier holpen.

De binnenfiskers sille de iel yn harren eigen gebiet útsette. Mei de aksje wolle se de ielstân yn ús provinsje yn stân hâlde.

Trefwurden: 
iel glêsiel binnenwetter
(advertinsje)