Lanlik oeral selde skearegeling gaswinning by lytse fjilden

28 mrt 2018 - 12:02

De skearegeling foar de gaswinning yn lytse gasfjilden wurdt oeral yn Nederlân lyk lutsen. It ministearje fan Ekonomyske Saken komt meikoarten mei in útstel. Dat antwurde deputearre Michiel Skrier woansdeitemoarn op fragen fan de FNP. Oanlieding is de oergong fan lytse gasfjilden yn Noardeast-Fryslan fan de NAM nei gasprodusint Vermilion.

De FNP wol dat de ôfspraken, dy't yn it ferline makke binne, mei oergeane nei Vermilion. Neffens Schrier is dat ek it gefal en lizze de ôfspraken fêst. Vermilion hat him ek kommittearre oan de kommisje boaiemdelgong gaswinning. De brief folget letter yn april.

(advertinsje)