Kamerabylden litte net sjen wa't teksten by Poiesz skreaunen

28 mrt 2018 - 11:57

It is noch altyd net dúdlik wa't ferantwurdlik is foar it bekladden fan it terrein fan de Poiesz-supermerk yn it sintrum fan Ljouwert. Op it parkearterrein oan it Bleekhof en de Oostersingel stienen it hiele wykein de misledigjende wurden 'KK Nazis!' skreaun. 'KK' is in ferwizing nei it wurd kanker. Neffens wurdfierder Jan Hoitema fan Poiesz is de tekst yn de nacht fan freed 23 op sneon 24 maart op de dyk kalke.

De supermerk hie de hoop dat de fertochten fan it skriuwen fan de tekst op kamerabylden te sjen wêze soenen, mar dat blykt net sa te wêzen. Dêrom is oanjefte dien. "Wy hawwe gjin idee yn hokker rjochting wy dit sykje moatte" seit Hoitema.

De plysje hat noch gjin oanjefte fan de supermerk binnenkrigen. "Er is ons hierover niets bekend," seit Ron Reinds.

(advertinsje)