Sel easke foar besit fan himp en wytwaskjen

28 mrt 2018 - 10:51

Tsjin in 51-jierrige man út Easterwâlde is 2,5 jier selstraf easke foar it yn besit ha fan 31 kilo himp en it wytwaskjen fan 78.000 euro en in BMW. By it trochsykjen fan it hûs fan de man yn 2016, dy't doe yn Noardwâlde wenne, waard de drugs en in trochladen fjoerwapen fûn. Neffens de fertochte wie de himp net fan him, mar ferwurke hy de planten yn in middel foar it bestriden fan pine.

De 78.000 euro soe de man nei eigen sizzen fertsjinne ha mei de hannel yn trekkers yn East-Europa, mar hy koe dat net bewize. It Iepenbier Ministearje wol dan ek dat de man it jild werom betellet. De rjochtbank docht op 10 april útspraak.

(advertinsje)