Accell Group nimt Amerikaansk bedriuw oer

Accell Group © Omrop Fryslân
Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean nimt it Amerikaanske Beeline Bikes oer. It Feanster bedriuw hie al in minderheidsbelang yn Beeline Bikes, mar wurdt no hielendal eigener. Beeline Bikes is in pionier op it mêd fan it ferlienen fan mobile service en slút dêrmei goed oan by de strategy fan Accell Group om dy service ek oan te bieden.
Foar Beeline Bikes betsjut de oername dat der romte komt foar útwreiding yn Amearika, wylst de Accell Group de fytsen út Silicon Valley yn Europa ferkeapje wol.