FIDEO: Fryske Matthäus Passion: ferbetterje of ferminke?

28 mrt 2018 - 17:38

De Matthäus Passion is in hiele bekende komposysje fan J.S. Bach. Ofrûne tongersdei is it stik oer it lijensferhaal fan Jezus yn de útfiering fan it NNO yn premjêre gien. Yn Fryslân Hjoed fertelle oersetter Peter Sijbenga en dirigint Leendert Runia oer it projekt.

Bach bliuwt Bach

Fertaler Peter Sijbenga fûn it in hiele eare om it Dútske stik te fertalen nei it Frysk. "Dit stik is yn de klassike stikken bekend as in monumint, in ikoan. Alle kwaliteiten fan Bach komme der yn foar." Der is alris earder in Fryske fertaling makke fan it stik yn 2008, troch Eppie Dam nei de Nederlânske bewurking fan Jan Rot. "Dat wie mear in frijere ynterpretaasje. Ik ha my strikt hâlden oan de Dútske tekst. Doe't ik hjir oan begûn, ha ik my altyd foarhâlden: Bach moat Bach bliuwe."

Ien fan de grutste útdagingen fan it oerstten is om rekken te hâlden mei de 'affektenlear'. De tekst fan Bach is nau ferbûn mei de muzyk. Dêrom moast Sijbenga mei dirigint Leendert Runia besykje om alle wurden op deselde noaten te hâlden. "As der yn de tekst oer triennen praat wurdt, hat Bach der muzikaal ek wat mei dien. Ast in frije fertaling makkest, rekkest dat aspekt kwyt."

Fryske útspraak

Runia gong de útdaging oan om it Noord Nederlands Concert Koor Frysk sjongen te learjen. "It koar hat 48 leden en de helte dêrfan kin net Frysk prate. Ik bin begûn mei alle teksten foar te lêzen en it koar moast my dan neisizze." Dêrneist oefene Runia ien op ien mei de solisten om de útspraak sa goed as mooglik te krijen. Ek de Afûk hat hjir in rol yn spile. Alle sjongers ha in link krigen dêr't de tekst, dy't se sjonge moatte, ynsprutsen is troch ien fan de Afûk. Runia: "Dit is wol unyk fansels. Ik tink net dat dit ea dien is om de taal fan in stik sa te learen."

Ferminke of fertale?

Runia wie yn it begjin wol skeptysk oer it fertalen fan de Matthäus Passion. Want moatte je sa'n monumintaal stik út de taal helje dêr't it yn skreaun is? "Ik kin my der altyd hiel bot oan steure as ik wat sjoch dat min fertaald is. Dêrom ha ik der wol goed oer neitocht foardat ik hjir oan begûn. Mar Peter en ik ha doe sein: "As wy it fertale, dan moatte we der ek in hiele goeie fertaling fan meitsje. En dat is slagge. Ik bin hiel grutsk." Ek Sijbenga kin it him wol begripe dat minsken sizze: do moatst fan Bach ôfbliuwe. Mar hy sjocht ek nei wat it alternatyf wêze soe. "Dan soene we nea wat dwaan kinne mei dizze bysûndere stikken en dat soe neffens my ek skande wêze."

De útfiering fan de Fryske Matthäus Passion is sneon 31 maart fan 18.00 ôf op Omrop Fryslân radio te hearren. En snein 1 april is de dokumintêre oer de tarieding fan it stik fan 17.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje te sjen of fia omropfryslan.nl/fryslandok.

Sjoch by NNO foar mear ynformaasje oer de kommende útfieringen.

(advertinsje)