Kollum: "Ferkiezingen"

"It is wat let, mar ik waard de ôfrûne dagen oan alle kanten útdage om it hjoed dochs efkes oer dy gemeenteriedsferkiezingen te hawwen. Toe dan mar, se binne dochs noch mar oan it formearjen.
Stel se hienen Gemeentebelangen yn De Fryske Marren wer oprjochte, om't de FNP, wêryn't dy opgien binne, tefolle in bestjoerderspartij waard. Stel dat hypotetyske Gemeentebelangen mei de eask kaam wie om bygelyks de toeristebelesting foar Dútsers en Grinzers gâns te ferheegjen en dat jild te besteegjen oan in gemeentlike AOW foar fyftigers. Dan hie Gemeentebelangen dy ferkiezingen wûn.
Yn Drachten stie winkelman Ynze de Boer as earste op ’e list fan de Eerste Lokale Partij. Hy wist dat de measte lju in keapsnein woenen. Hy makke it ta in issue, eeh kwestje. 52 sneinen iepen, oars gean ik net yn it kolleezje. Hy wûn dik. De SGP kaam net iens yn de ried. Wy stimme net op partijprogramma’s. Wy stimme op kwestjes, nei foaren brocht troch persoanlikheden.
Dat is net oars. As ik it hjir ha oer it sa no en dan kloaterige fûgelbelied fan de provinsje, dan ha ik it net oer de provinsje, mar oer Jehannes Kramer. As ik it ha oer it tekoart fan kulturele haadstêd, dan is dat it tekoart fan Sietske Poepjes. Oars begrypt gjin mins der mear wat fan. Polityk draait net mear om partijen, mar om persoanen.
Net inkeld om dwerse lju. We ha njonken de striid foar in kwestje dy’t ús past toch ek wol wer wurdearring foar goed bestjoer. Jouke Spoelstra waard de kening fan Achtkarspelen, hy hat de kwestje swimbad Bûtenpost der trochskuord. En as sa’n ploechje op It Hearrenfean der foar soarget dat it wer wat goed is mei de sinten, dan krije se de kompliminten en dus de stimmen fan de befolking, trochgean jonges. Wol singelier dat se dêr, en rûnom fierder trouwens ek, wol hiel foarsichtich wiene yn de kampanje. Se seinen op alles “dat moatte we noch mar efkes besjen”. Want o heden, meitsje asjebleaft nearne in kwestje fan, want dan kinne we samar op de soademiterij gean. In kwestje kin him ek tsjin je keare. Mar lokkich foar de PvdA dêr, waard Jaap Stalenburg, dy’t der net oer kin dat elkenien Betty van der Ven wol en him net ken, pas nei de ferkiezingen in kwestje. No ja, kwestje, hy is gewoan dach.
Dan is it moai op It Amelân te sjen dat wy it mar neat fine dat riedsleden mei ús jild elkoar altyd mar yn de bek hingje en fan de iene partij nei de oare stroffelje, en dat der neat bart. Nije partij, en hup dêr waard Een fan eenheid ynienen één yn de ried. De eilannen bestean fansels fan lokalio’s, Ameland Een hat net iens in partijprogramma. Elk ken elk dêre. En al ken net ien yn Balk immen op De Jouwer, oer in tsiental jierren ha we net oars yn de gemeentepolityk mear. Dan stimme we op yndividuele minsken dy’t doarpen of kwestjes fertsjintwurdigje. Dy sitte net yn in kolleezje, want bestjoere is hartstikkene swier. Dêr beneame we technokraten sûnder miening en gefoel yn.
Dan ha we noch it ferlies fan de FNP. Dat wol net in lokale partij wêze. Mar is dat foar minsken wol. Ferfelend is dat de kwestje wêrmei't se it libbensljocht seagen, de Fryske taal, yntusken wol sawat klear is. Dan kin Tjibbe Brinkman, dy’t yn Achtkarspelen fan it poadium dondere, moandei yn it Polytburo wol sizze dat der mear taalstriid yn de FNP sitte moat, mar dat ha alle oare partijen al lang oernaam. De FNP is hielendal net in bestjoerderspartij. Pak mar lokale kwestjes, wy ha leaver jim as GrienLinks, al bedoele jim presys itselde.
Dan sitte je noch mei Jehannes Kramer. Dy bestjoert. Dy sit yn it provinsiaal kolleezje. Dêr moat oar jier ek wer foar stimd wurde. Dat wurdt neat. Jehannes hat mar ien kar. In kwestje. Feangreidegebiet. Yn it FNP-programma stiet sûnder kantroeren dat it wetter dêr omheech moat. Inkeld as de FNP dêrom út it kolleezje stapt, want CDA en VVD bliuwe by de boeren, en mei de opposysje meigiet, dan wik ik dat by de folgjende ferkiezingen de FNP safolle stimmen krijt dat se wer frege wurde sille foar it kolleezje."