Ferlies fuotbalfroulju SC Hearrenfean tsjin PSV

28 mrt 2018 - 07:18

De froulju fan SC Hearrenfean ha tiisdeitejûn yn de kampioenspûl mei 4-1 ferlern fan PSV. De thúsploech koe, op it fjild yn Nijhoarne, amper partij jaan. PSV kaam nei in healoere op foarsprong en daliks dêrnei waard dy foarsprong ferdûbele. Fenna Kalma die foar de Feansters oan it begjin fan de twadde helte wat werom. Mei twa goals healwei de twadde helte makke de ploech út Eindhoven dien wurk.

(advertinsje)