Plysje-aksje om bloed te jaan

28 mrt 2018 - 06:48

Meiwurkers fan de plysje yn Fryslân wurde mei in spesjale kampanje oanmoedige om bloed te jaan by bloedbank Sanquin. Op moandei 16 april kin it plysjepersoniel út de hiele provinsje bloedprikke litte yn Ljouwert. As minsken noch nea bloed of plasma jûn hawwe, kinne se ek har bloed teste litte en letter it donortrajekt yngean.

De aksje is betocht troch plysjemeiwurkers Oeble Bouma en Rein de Jong, dy't beide al jierren bloed of plasma jouwe. Om't Sanquin yn Ljouwert dit jier noch 800 nije donoaren nedich hat, setten de manlju yn gearwurking mei de bloedbank in aksje op om mear donoaren te krijen. De inisjatyfnimmers hoopje dat dizze aksje helpt om de drompels wei te nimmen by kollega's, dy't wol graach bloed jaan wolle, mar dat noch nea regele hawwe.

Trefwurden: 
bloed bloedbank plysje Sanquin
(advertinsje)