Noch 2,7 miljoen tekoart foar Blokhúspoarte

Der is noch in tekoart fan 2,7 miljoen by de ferbou fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dat hat eigener BOEi fan it âlde finzeniskompleks tiisdeitejûn bekend makke. BOEi hie de riedsleden fan de gemeente byinoar roppen om se by te praten oer de stân fan saken. It projekt falt 4 miljoen euro djoerder út as doetiids begrutte is. Dat komt ûnder oare troch de bou fan de bibleteek dy't folle grutter wurden is as yn de plannen stie.
De wurksumheden lizze sûnt desimber 2017 stil. BOEi wol earst dúdlikheid ha oer it oplossen fan it tekoart foardat der fierder wurke wurde kin. De eigener fan de Blokhuspoarte sil op 'e nij de gemeente freegje om by te springen. Neffens wethâlder Henk Deinum sil Ljouwert gjin sint mear yn de ferbou stekke, mar de ried is úteinlik oan set. BOEi wol graach fierder mei ûnder oare de oanpak fan de pleinen en de ferbou fan de kapel fan de eardere finzenis. "Het is heel vervelend voor de stad en de inwoners dat de bouw stil ligt", seit direkteur Arno Boon fan BOEi.