Harns krijt nije boekhannel en bibleteek yn selde gebou

It liket nuver mar it bart dochs: in bibleteek en in boekhannel ûnder ien dak. Yn Harns wurdt op dit stuit drok wurke oan in kultureel sintrum mei dêryn it besteande museum Hannemahûs, de bibleteek en dêrtusken yn in nije boekhannel. It idee komt fan boekhannel Van der Velde dy't yn Harns de achtste fêstiging iepenje sil. Fia de boekhannel kin je nei it museum of de bibleteek.
Dizze simmer wurdt it gebou oan de Foarstrjitte yn Harns iepene. "Het hoeft elkaar helemaal niet te bijten", leit direkteur Ad Peek fan Van der Velde út. "Mensen die in de bibliotheek komen, vragen voor hun verjaardag net zo goed een nieuw boek of geven zelf een boek weg. Het is alleen maar een mooie aanvulling."