Opnij ferlies froulju Drachtster Boys op EK sealfuotbal

27 mrt 2018 - 22:46

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe tiisdeitejûn opnij ferlern yn harren twadde wedstriid op it Twadde Europeeske frouljussealfuotbalkampioenskip. Nei it ferlies fan moandei tsjin Olimpus Roma Italië, moasten de Friezinnen it tiisdei opnimme tsjin Benfica. It waard 6-1 foar de froulju út Portugal.

Nei in flitsende start pakte Benfica al nei in minút foarsprong: 1-0. Noch gjin tsien minuten letter rêde keepster Reitsma knap, nadat de bal mei de hakke op de peal kaam. Spitigernôch foar de Drachtster Boys foel in oanfal minuten letter dochs it twadde doelpunt foar de Portugezen: 2-0. Dy skoare hâlde stân oant de rêst, troch wichtige rêdingen fan Reitsma. Nei de rêst wie it wer in flitsende start dêr't Meijer fan Drachtster Boys wat werom dwaan koe. Mar dat waard beäntwurde mei in doelpunt fan Benfica: 3-1. De wedstriid gie fierder yn in moaie striid dy't yn it foardiel fan de Portugezen útpakte. Sy wiene dochs wat 'te grut' foar de froulju út Drachten. Benfica wist noch trije kear te skoaren en brocht dêrmei de einstân op 6-1.

It ferlies fan tiisdei betsjut dat Drachtster Boys tongersdei om 16:00 oere stride sil om it 5e en 6e plak. Ofhinklik fan de útslaggen yn de oare groep, sil dat wêze tsjin Ruslân of Oekraïne. De earste finalist is al bekend: C.D. Futsi Atlético Navalcarnero (Spanje). Sy hawwe beide wedstriden wûn. Woansdei sil de wedstriid tusken Olimpus Roma Italië en Benfica útmeitsje wa't de twadde finalist wurde sil.

(advertinsje)