Fûgelwacht Bûtenpost lûkt de stekker der nei 72 jier út

28 mrt 2018 - 07:45

De fûgelwacht fan Bûtenpost hâldt der nei 72 jier mei op. Dat is tiisdeitejûn unanym besletten op in spesjale ledegearkomste, dêr't tweintich leden by oanwêzich wienen. De feriening hat goed 400 leden en donateurs, mar om't it bestjoer al jierren gjin nije bestjoersleden fine kin, is de stekker der no definityf útlutsen. De leden en donateurs kinne har oerskriuwe litte nei de fûgelwacht fan Kollum. De fûgelwacht dêr is warber mei brûzende aktiviteiten foar jonge en âlde leden.

Bestjoerslid en haad neisoarch Dirk Henstra fynt it hiel spitich dat de fûgelwacht yn Bûtenpost der mei ophâldt, mar seach it al in tal jierren oankommen. "No't it aaisykjen flink ûntmoedige is, hawwe minsken ek minder nocht om it fjild yn. Yn Bûtenpost en omkriten is der wol in lytse, aktive groep mei neisoargers, mar dy kinne de hiele feriening net draaiende hâlde."

Trefwurden: 
fûgelwacht Bûtenpost opheft
(advertinsje)