Takomst frouljusfuotbal VIOD Driezum stiet faai

27 mrt 2018 - 22:22

De takomst fan it frouljusfuotbal by VIOD Driezum is ûnwis. De klup spilet op it stuit haadklasse en hat de ambysje troch te stjitten nei de topklasse. Mar der spylje meardere saken wêrtroch't it kweekplak fan talintfolle fuotbalsters op syn gat leit. 

"Net wolkom"

By de frouljusseleksje spylje in soad froulju dy't net út Driezum en Wâlterswâld wei komme. Dy fiele harren net altyd like wolkom, seit Jouke Dantuma, de man dy't it frouljusfuotbal yn Driezum-Wâlterswâld grut makke hat.  "Se binne gjin minsken mei in blauwyt VIOD-hert. Se komme hjir omdat wy it hjir goed foarinoar hawwe." 

Oan de oare kant dogge se ek gjin frijwilligerswurk yn it doarp en dat falt net oeral like goed. Dêr komt by: guon famkes nimme yn it talinteteam it plak yn fan in jonkje út it doarp en dat jout dan wer problemen mei de sponsor. "En dan moatte jo achter jo eigen belied stean bliuwe. Dat hawwe wy mei ús allen ôfpraat. In miksteam mei jonkjes en famkes, sadat de jonkjes ek op in heger nivo fuotbalje kinne", seit Dantuma. 

Takom seizoen driigje tsien spylsters op te stappen. "As de sfear goed is en der wurdearring is, dan bliuwe se. Mar dat fernimme se net" seit Dantuma. "Der hat noch net in lid fan it nije bestjoer in sekonde by in wedstriid fan de froulju sjoen. As de froulju thús fuotbalje, dan spylje se tagelyk mei it earste. In ferskil 50 meter tusken it iene fjild en it oare."

Gearwurking mei oare klups

Dy froulju hawwe oanjûn dat se nei in oare klup wolle. "As jo op haadklassenivo bliuwe wolle, kin dat eins inkeld mar troch gearwurking. It bestjoer wol dat net", seit Dantuma. "As de froulju opstappe, betsjut dat de ein fan alve jier suksessen op fjild, yn seal en mei beachsoccer.

"Se binne wol wolkom"

VIOD-bestjoerslid Albert Boersma ûntstriidt dat de spylsters net wolkom binne: "Wolkom fiele is in gefoel. Wy hite harren wolkom en wy wolle harren ek wolkom fiele litte."

"It probleem leit him mear yn it beliedsramt en de fyzje dêryn. Wy hawwe mei de dameskommisje in petear hân oer de ambysjes wat it topklassenivo oanbelanget en watfoar middelen dêrfoar nedich binne." Boersma seit dat se dêryn fan miening ferskille kinne mei de dameskommisje.

"De dameskommisje joech oan dat de froulju op basis dan twa saken gearwurking sykje woene mei in oare feriening. It iene is de fasiliteiten (dat VIOD gjin keunstgersfjild hat). Wy binne al yn petear mei de gemeente oer in nij fjild. Dat soe in keunstgersfjild wurde kinne, of in hybride fjild of in gersfjild. 

"Unkostefergoeding past net by it doarpskarakter fan de klup"

"It twadde punt wie in gebrek oan finansjele middelen om it topklassenivo te beheljen of te garandearjen. Yn de topklasse komt it oars mei de trainer, ek kwa kosteplaatsje. De dameskommisje hat ek oanjûn dat der spylsters fan fierder wei komme sille om de topklasse te waarboargjen. Dy moatte dan in soad kilometers meitsje en as se dat allegearre sels betelje moatte, wurdt dat in 'no go'. Dus dan soe der in ûnkostefergoeding komme moatte. Mar dat past net by it doarpskarakter fan ús fuotbalferiening. Dêr wolle wy net yn meigean. It frouljusteam is no safier kaam, ek sûnder keunstgersfjild en ûnkostefergoeding."

"Wy hoopje dat de spylsters net opstappe en besykje harren deselde ûndersteuning te bieden as de ôfrûne jierren. Wy betreure de gong fan saken. Altyd hawwe wy oanjûn dat wy damesfuotbal foar VIOD behâlde wolle. Dan kin der ferskil yn ambysje of fyzje wezen, mar moat soks liede ta dizze situaasje? Om ús hie it net sa hoegd."

(advertinsje)