"Ferdieling Europeesk jild ynfrastruktuer moat earliker"

De trije noardlike provinsjes trune der yn in brief oan de Europeeske Kommisje op oan om it jild foar ynfrastruktuer oars te ferdielen. Op dit stuit giet 95 prosint fan it miljarden euro's grutte budzjet nei grutte, ynternasjonale projekten. It Noarden falt dêrbûten. En sa binne der noch mear Europeeske regio's dy't sa miljoenen euro's subsydzje misrinne.
Fryslân, Drinte en Grinslân wolle dat yn de ferdieling net mear 70 prosint nei grutte projekten en 30 prosint nei lytse projekten giet. Dan makket Noard-Nederlân mear kâns op Europeesk jild. It giet ûnder oare om ynvestearringen yn de farwei fan De Lemmer nei Delfsyl.