Paul Oosterhof wurdt nije trainer VC Snits

© VC Sneek
De 31-jierrige Paul Oosterhof wurdt de nije trainer fan it frouljusteam fan follybalferiening VC Snits. Hy nimt nei dit seizoen it stokje oer fan waarnimmer Abe Meiniger. Dy waard heal febrewaris oansteld nei it fuortgean fan Petra Groenland. Neffens de klup wie der net mear foldwaande gemy oanwêzich om har nei dit seizoen oan te hâlden as trainster. Groenland hat doe besletten har wurksumheden fuortendaliks te beëinigjen. Oosterhof traint no noch de froulju fan Veracles yn Grins yn de topdifyzje.