Spitse yn seleksje WK-kwalifikaasje tsjin Noard-Ierlân

27 mrt 2018 - 20:23

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is opnommen yn it Nederlânske frouljusfuotbalteam foar de WK-kwalifikaasjeduels tsjin Noard-Ierlân en Ierlân. Ald-Hearrenfeanspylster en topskoarer Vivianne Miedema komt nei in blessuere werom by Oranje. Nije wike freed komme de froulju yn Eindhoven út tsjin Noard-Ierlân. Fjouwer dagen letter spylje se yn Dublin tsjin Ierlân.

Foar it Nederlânske frouljusalvetal ûnder de 19 jier is Fenna Kalma fan Haskerhoarne selektearre foar it EK-kwalifikaasjetoernoai yn Hongarije. Oranje komt op 4, 7 en 10 april yn aksje tsjin respektyflik Slovenië, Sweden en Hongarije.

(advertinsje)