Jong Oranje wint drege útwedstriid fan Andorra

27 mrt 2018 - 20:17

Jong Oranje is noch altyd yn de race foar dielname oan it Europeesk kampioenskip fan takom jier yn Italië. Yn in drege útwedstriid tsjin Jong Andorra, op in striemin fjild, slagge it Nederlân tiisdeitejûn dochs mei 1-0 te winnen. It iennige doelpunt waard krekt foar rêst makke troch Arnout Groeneveld.

Denzel Dumfries en Pelle van Amersfoort (beide fan SC Hearrenfean) spilen de hiele wedstriid. Hearrenfeanspiler Michel Vlap soe ek útkomme, mar moast ôfsizze fanwege de gryp. Jong Oranje hat nei seis kwalifikaasjewedstriden alve punten en stiet op it twadde plak yn groep 4.

Trefwurden: 
Jong Oranje fuotbal
(advertinsje)