Jong SC Hearrenfean spilet gelyk, mar bekeret dochs fierder

27 mrt 2018 - 18:34

Jong SC Hearrenfean is troch nei de heale finale fan de beker. Dat kaam net troch de winst fan tiisdei, want de Hearrenfeaners spilen op dy dei op sportpark Skoatterwâld 0-0 gelyk tsjin Jong PEC Zwolle. Beide ploegen wiene oaninoar weage. Foar de rêst wie PEC Zwolle it tichtst by de foarsprong, mar it kaam net ta skoaren.

Yn de 55e minút makke Jizz Hornkamp fan Jong Hearrenfean kâns op de iepeningsgoal. It skot strâne lykwols op de fuotten fan Jong PEC-doelman Van der Hart. Zwolle krige dêrnei in goede mooglikheid mei in frije traap. Dy waard ynearsten opkeard troch Hearrenfeandoelman Jan Bekkema en yn de rebound foardel sketten. It bleau 0-0 en dat wie ek de einstân. Zwolle wist dêrtroch daliks al dat se troch wiene nei de heale finale.

Hoe't it foar Jong Hearrefean fierder gean soe yn de beker, liet noch efkes op him wachtsje. Dat hong fan de útslach fan in oare wedstriid ôf. Trochdat Jong RKC mei 1-0 wûn hat fan Jong NAC stiet Jong Heerenveen op plak 2 fan de groep. Dat betsjut dat de Feanbeloften trochgean nei de heale finale fan de beker.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)