Utsjoch oer Iselmar ynset fan saak foar Ried fan Steat

De Foarstrjitte yn Starum leit deun achter de Iselmardyk © Google Streetview
In ynwenner fan Starum wol dat de gemeente Súdwest-Fryslân maatregels nimt tsjin syn buorlju. Dy hawwe in te grut dak boud wêrtroch't er syn útsjoch oer de Iselmar kwyt is, sei er moandeitemiddei by de Ried fan Steat.
De buorlju hawwe de âld brânwachtloads oan de Foarstrjittte kocht. Neffens de man hat de gemeente ferkeard metten, doe't de buorlju in fergunning krigen foar de ferbou fan de loads. De gemeente sprekt dat tsjin. De saak rint al in pear jier. De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak.