Opsterlân wol trochsichtige formaasje nije koälysje

It gemeentehûs fan de gemeente Opsterlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De formaasje fan in nije koälysje yn Opsterlân wurdt sa trochsichtich mooglik. Dat seit Opsterlands Belang, dy't dêr de lieding oer hat. It is de bedoeling dat it hiele proses op skrift komt en dat it nei ôfrin fan de ûnderhannelingen publisearre wurdt.
Elke partij mei trije punten ynbringe yn de earste faze fan it ûnderhannelingsproses. Sa ha partijen, dy't net mei-ûnderhannelje oer de formaasje, wól ynfloed op it koälysje-akkoart. Omdat alles opskreaun is, kin nei de tiid sjoen wurde hoe't de nije koälysje omgien is mei dy punten en wêrom't se wol of net yn it akkoart opnaam binne.