Nij ûndersyk nei ûnderbetelling by oanlis Sintrale As

Der komt in nij, yngeand ûndersyk nei de ûnderbetelling fan minsken dy't oan de Sintrale As wurke hawwe. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. Technisch Bureau Bouwnijverheid fiert dat ûndersyk út. Oars as de provinsje hawwe sy wol it foech om gegevens fan de Belestingtsjinst yn te sjen.
Eardere ûndersiken hawwe dúdlik makke dat 32 izerflechters oer in perioade fan twa moannen 3600 euro te min útbetelle krigen hawwe. Ek de administraasje fan ûnder oare de oeren wie net folslein. It nije ûndersyk moat dúdlik meitsje oft it dêrby bliuwt of dat der dochs mear is. Deputearre Poepjes hopet dat it foar de simmer dien is.