FIDEO: Liuw út Bulgarije oankaam by opfangsintrum Felida

Opfangsintrum Felida Big Cat Centre yn Nijeberkeap is sûnt tiisdei in liuw riker. De liuw komt út in yllegale bistetún yn Bulgarije. Dêr waard yllegaal mei liuwen fokt, mei as resultaat yntylt. De nije liuw fan Felida kin min rinne en hat nei alle gedachten neurologyske problemen.
Neffens wurdfierder Barbara van Genne kaam it bist yn Bulgarije hast net bûten, krige er min te iten en wie er útdrûge. Yntusken is er al wat oansterke, mar hat er noch in lange wei te gean, seit Van Genne.