Jier de sel yn foar gizeling en autostellerij

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Ljouwert hat in finzenisstraf fan in jier krigen, ûnder oare omdat er syn freondinne gizele hat en in auto stellen hie. De fertochte siet ferline jier yn in tsjûgebeskermingsprogramma, om't er bedrige waard troch leden fan motorklup No Surrender. Hy fûn it te gefaarlik foar syn freondinne yn Ljouwert en dêrom pikte er mei geweld in auto, ried nei syn freondinne ta en twong har hurdhannich yn te stappen. Hy woe har meinimme.
Njonken de selstraf krige de man boppedat in wurkstraf, omdat er yn de tiid fan de gizeling noch yn in proeftiid siet. Hy moat him ek behannelje litte foar syn drugsferslaving.