Dolf Verroen iepenet earste swalkboekekast foar berneboeken

Dolf Verroen
Yn Ljouwert komme swalkboekekasten mei klassike berne- en jeugdboeken te stean. De boeken binne bedoeld foar bern, mar ek foar folwoeksenen dy't de boeken sels lêzen hawwe doe't se lyts wiene. De earste kast wurdt op peaskemoandei delset yn MeM, it tydlike paviljoen fan Afûk en Lân fan taal yn de Prinsetún. Dêr bliuwt er stean oant oktober. De ferneame berneboekskriuwer Dolf Verroen iepenet de earste swalkboekekast.
De swalkboekekast is in inisjatyf fan de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur. Dy freget sa omtinken foar it âlde berneboek as diel fan it kultureel erfgoed.