UPDATE: Earste ljipaaien Skylge en It Amelân

27 mrt 2018 - 18:30

Op Skylge is it earste ljipaai fûn. Steven Klijn seach it lizzen yn in stik lân flakby Formearum. De finer is yn it sintsje set, mei it bestjoer fan de Fûgelwacht fan Skylge derby. Der mei no net mear ljipaaisocht wurde yn it frije fjid fan Skylge.

Gerardus van Leeuwen hat it earste ljipaai fan de gemeente It Amelân fûn. Tiisdeitemiddei om healwei fiven hinne fûn er it aai oan de eastkant fan de Reewei yn Hollum. Van Leeuwen wurdt woansdeitemoarn huldige op it gemeentehûs.

Trefwurden: 
earste ljipaai Skylge
(advertinsje)