HBO'ers helpe mei om skoalútfal MBO te ferminderjen

27 mrt 2018 - 22:54

HBO-studinten kinne goed ynset wurde om studinten fan it MBO mei problemen dochs goed troch de oplieding hinne te helpen. Dy oanpak soarget derfoar dat minder as 1 prosint fan de MBO'ers yn Súdwest-Fryslân sûnder diploma fan skoalle ôfgiet. En dat is unyk yn Nederlân.

Maatskiplik wurkster Marleen Suurmeijer is inisjatyfnimmer fan it projekt Stipe dat no sa'n oardel jier rint. Dêrby dogge HBO'ers fan sosjale stúdzjes praktykûnderfining op by MBO's dêr't se learlingen begeliede.

It projekt rint op dit stuit op it Nordwin College en op ROC Friese Poort yn Snits. De gemeenten sette der op yn om ek dy lêste groep learlingen mei problemen te helpen.

(advertinsje)