Wâldrock, noch ien kear...

Op 5 maaie is Noardewyn wêr oanwêzich op it Befrijingsfestival, mar dit jier is wol in bysûnder jier. It programma pakt krekt wat oars út as de ôfrûne jierren. Dêrom prate wy efkes mei presintator Willem de Vries oer wat der op 'e planning stiet.
Willem, fertel, wat is der te sjen op dat poadium?
"Wy sille de hiele dei Wâldrock-acts programmearje. Dat binne bands dy't spesjaal hjirfoar wêr byinoar komme (lykas The Amp mei Nyk de Vries) en ek bekende acts. It wurdt ien en al Wâldrock-reüny."
Mar wêrom no krekt Wâldrock? Dat is al jierren lyn ophâlden
"No, it is al 30 jier lyn doe't wy úteinset binne mei dit festival, 1988. Mei twa maten fan my. En ik haw de eare hân om de namme te betinken. Wy binne sitten gong en woene eins wol in moai festival hawwe yn 'e Wâlden. Dat is poerbêst slagge. It wie in moaie earste edysje en dêrnei is it eins allinnich mar grutter wurden. Dêrom woene we eins 30 jier nei dato dat Wâldrock-gefoel mar wer ris ophelje."
Wâldrock-gefoel? Wat moat ik my der no by foarstelle?
"Benammen de unike sfear fan it festival, it wie letterlik tusken de kij. It wie krekt bûten it doarp Burgum. Dêrneist wie it festival hielendal basearre op freonskip. Sa binne wy ek úteinset. Wy binne mei in lyts komitee begûn. Wy fregen ús freonen om frijwilliger te wêzen en dy fregen harren freonen wer en sa waaide dat út oer hiel Nederlân. Letter kaam der noch in laach by, wêrby't frijwilligers fan sportklups ek mei holpen. De sfear en it idee dêrefter wiene echt unyk, noch hieltyd eins."
Wannear waard Wâldrock no eins in begryp?
"Nei de earste edysje wiene de resinsjes yn de kranten loovjend en de namme wie ek hiel pakkend. Dat soarge derfoar dat it al gau in begryp waard. Mar doe't Wâldrock oergong nei de metalprogrammearring waard it yn Hollân, mar ek ynternasjonaal echt in begryp. Doe kamen ek de grutte nammen lykas Sepultura, Iron Maiden en Slayer. It begryp Wâldrock wie der al nei ien jier, mar mei de metalprogrammearring waard it bekend yn 'e wrâld."
Wat wie foar dy eins it bêste jier?
"Foar my persoanlik wie dat wol it earste jier, 1988. Alles koe doe. Wy wiene fan alles fergetten en hiene in soad fouten makke yn 'e organisaasje. Mar elkenien stie der wol foar de folle 200 prosint foar de wille. Dat wie myn moaiste jier. Mar it hichtepunt wie it jier mei Iron Maiden: in gigantysk grutte show, grouwe trailers, hielendal útferkocht en alles kaam doe perfekt gear."
It Noardewyn live-poadium is te finen yn de Arendstún yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it feest op it plein en de livestream gewoan troch.