Fjoerwurksmiter út Langwar krijt 200 oeren wurkstraf

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Langwar dy't oardel jier lyn in fjoerwurkbom smiet tusken in groepke minsken hat in wurkstraf fan 200 oeren krigen. De rjochter fynt dat de man skuldich is oan swiere mishanneling. It fjoerwurk ûntplofte tusken de skonken fan in man. Dy hat bliuwende skea oan syn gehoar.
De Langwarder moat it slachtoffer hast sântûzen euro skeafergoeding betelje. Sels ûntkent er dat er mei fjoerwurk smiten hat.