UPDATE: Wettersteuring tusken Wommels en Ljouwert foarby

27 mrt 2018 - 15:01

Yn ferskate doarpen tusken Ljouwert en Wommels hat tiisdeitemiddei trije oeren lang in wettersteuring west. Under oare yn Mantgum, Wommels, Bears, Wiuwert en Boazum kaam gjin of net folle wetter út de kraan. Neffens Vitens kaam dat troch in breuk yn de wetterlieding. Om trije oere hinne hie Vitens it probleem oplost.

(advertinsje)