Learlingen komme yn 'e kunde mei beroppen plysje en bakker

Hoe kieze bern de goede oplieding, dêr't letter ek in goede baan mei te finen is? In beropskar meitsje is foar in protte jongeren in probleem. Opliedingen biede safolle ferskillende rjochtingen. Dochs moatte skoalbern al betiid in rjochting kieze, foaral op it vmbo. Dêrom is der it projekt 'On Stage', om bern yn de kunde te bringen mei de praktyk. Sa'n 1000 Fryske vmbo-learlingen binne tiisdei by 150 bedriuwen op besite om te sjen wat dy praktyk ynhâldt.
Yn it sintrum fan It Hearrenfean koene de learlingen mei de plysje meirinne. Der wie in tal situaasjes foar opset: in man dy't in auto fernielt, dronkenskip, stellerij of in swalker dy't foar oerlêst soarget. By bakker Verloop op It Hearrenfean wiene de bern te gast om fan tichteby te sjen, hoe't it bakken fan in taart of in oranjekoeke yn syn wurk giet. Beide beroppen, bakker en plysje, lûke in protte belangstelling fan de jongeren.