Brânwacht rydt út foar brân yn pleats Tsienzerbuorren

© De Vries Media
Yn Reduzum hat oan it begjin fan tiisdeitemiddei brân west yn it dak fan in pleats op Tsienzerbuorren. By de brân kaam in soad reek frij, omwenners krigen fan de brânwacht it advys om út dy reek te bliuwen. De bewenners koene sels út it gebou komme en hawwe help krigen fan Salvage by it ôfhanneljen fan de skea. De brânwacht wie mei grut materieel útriden om it fjoer te bestriden.