Skiermûntseach en It Amelân bliid mei komst wynmûnepark

© Omrop Fryslân
De gemeenten Skiermûntseach en It Amelân binne bliid mei it nije wynmûnepark, dat yn de Noardsee boppe Skiermûntseach komme moat. It Ryk hat it gebiet neist it besteande wynmûnepark Gemini oanwiisd as ien fan de trije gebieten yn de Noardsee dêr't yn 2023 nije parken stean moatte. De gemeenten binne bliid mei dizze kar fan it kabinet foar duorsume enerzjy.
Fanwege de ôfstân binne de wynmûnen net fan it eilân ôf te sjen. In wurdfierder fan de gemeente It Amelân seit wol, dat in wynmûnepark fersteurend wurkje kin foar de skipfeart en de fûgels, mar kinne de neidielen net op tsjin de foardielen fan skjinne enerzjy.
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach hopet dat mei de komst fan it wynmûnepark de mooglike gaswinning yn de Noardsee boppe Skiermûntseach fan de baan is. De gemeente is tsjin dy gaswinning. It bedriuw Hansa docht mominteel proefboarringen. De komst fan it boarplatfoarm soarge foar in soad protest op it eilân.