Hynder Derek ferkocht oan soarchbuorkerij De Seedykstertoer

27 mrt 2018 - 12:43

It hynder Derek Buitenzorg, de draver fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, hat in nij ûnderkommen. Hy giet nei De Seedykstertoer yn Marrum. Derek is ferkocht oan eigeners Gerben en Aukje Visbeek fan de toeristyske soarchbuorkerij en is tiisdei nei syn nije thús brocht. Yn jannewaris rûn Derek syn 64e en lêste koers, hy waard doe sechsde. Sûnt dy tiid waard der socht nei in nije eigener foar it hynder.

Gerben en Aukje Visbeek hawwe earder ek Freya opfongen, it wite hynder dat yn oktober 2006 mei sa'n twahûndert oare hynders ynsletten waard troch it seewetter op it Noarderleech by Marrum. De grutte groep hynders wie in pear dagen lang wrâldnijs. Freya ferstoar yn novimber 2017.

(advertinsje)