Romte yn ferpleech- en fersoargingshuzen yn kaart bringe

27 mrt 2018 - 11:39

Soarchorganisaasjes en húsdokters pakke mei-inoar it probleem oan fan âlderen dy't ûnnedich in sikehûsbêd beset hâlde. Se komme mei in webside dêr't op te sjen is hokker ferpleech- en fersoargingshuzen romte ha. Alderen wenje tsjintwurdich langer selsstannich thús. As se dan yn in sikehûs bedarje, bliuwe se dêr faak langer as nedich is, omdat se noch net sûn genôch binne om nei hûs.

Aldereinhuzen ha wol romte foar âlderen dy't better wurde moatte, mar faak is it sikehuzen en húsdokters net dúdlik wêr't plak is, as se dêr om sykje. De nije webside moat dat probleem oplosse.

(advertinsje)