Ien op fjouwer pjutten yn Fryslân giet net nei opfang

(stockfoto) © ANP
In fjirde fan de pjutten yn Fryslân giet net nei de opfang. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Oanlieding fan it ûndersyk is dat de gemeenten witte woene hoefolle pjutten nei in bernesintrum gean. Gemeenten ha mei it Ryk ôfpraat dat fan 2020 ôf alle pjutten nei de opfang kinne.
Ut it ûndersyk fan it planburo docht ek bliken dat It Amelân mei 33 prosint it leechste berik hat, wylst yn Harns hast alle bern nei de opfang gean. Dat komt benammen troch in subsydzjeregeling fan de gemeente Harns. Pjutten meie dêr fan har twadde jier ôf fergees nei de opfang.
Neffens ûndersyk is in goede opfang belangryk foar de ûntwikkeling fan bern tusken twa en fjouwer jier. Se dogge in soad ûnderfiningen op, boartsje mei oare bern en dogge alderhande aktiviteiten ûnder profesjonele begelieding.