Keninklik pear stipet fossylfrije Elfwegentocht mei portret

Op it provinsjehûs yn Ljouwert hat it folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten tiisdeitemoarn in bysûnder portret oerlange krigen as promoasje foar de Elfwegentocht fan 1 oant en mei 14 july. Yn dy twa wiken is it de bedoeling dat hiel Fryslân fossylfrij reizget. Op it portret steane kening Willem-Alexander en keninginne Máxima mei in boerd mei de tekst 'Ik doch mei'.
De foto is makke by de offisjele iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018. Oan de Elfwegentocht dogge al 50.000 studinten en 100 Fryske bedriuwen en gemeenten mei en de organisaasje tinkt dat de stipe noch tanimme sil.
Wêr't de foto komt te hingjen, is noch net dúdlik, mar deputearre Michiel Schrier nimt him wol mei nei de kommende steategearkomste.