Plysje siket tsjûgen eksploazje Droegeham

27 mrt 2018 - 10:27

De plysje makket him soargen oer it swiere eksplosyf, dat brûkt is by de grutte knal lâns it Heechhout by Droegeham. Troch de knal ûntstie in grut gat yn de grûn en binne stikken ierde wol 25 meter fuortslingere.

Earder waard sein dat fiif jonges harren meld hiene, mar dat is neffens de plysje in misferstân. De plysje siket tsjûgen, want se wolle graach witte wat der brûkt is by de eksploazje.

Trefwurden: 
eksploazje Droegeham
(advertinsje)
(advertinsje)