Trije nije wynparken yn Noardsee, ien boppe Skiermûntseach

27 mrt 2018 - 07:32

Yn de Noardsee boppe Skiermûntseach komt in grut wynmûnepark. It kabinet hat trije gebieten yn de Noardsee oanwiisd, dêr't nije wynparken komme moatte. Neist Skiermûntseach komme der parken by Petten en IJmuiden. De parken moatte sân gigawatt oan stroom opleverje en komme boppe-op de fiif parken dy't al ynpland binne. De oanlis fan de parken kostet tusken de 15 en 20 miljard euro. De wynparken binne nedich om ôfspraken oer wynenerzjy yn it regearakkoart helje te kinnen.

Yn 2030 moat 40 prosint fan ús elektrisiteitsferbrûk fan wynmûnen yn de Noardsee komme. De parken moatte yn 2024 oanlein wêze en smite tsientûzenen banen op. Bedriuwen kinne har fan 2021 ôf oanmelde foar de oanlis fan de parken. It Ryk brûkt de tuskenlizzende tiid foar oerlis mei belanghawwenden, lykas gemeenten en fiskers. It nije wynmûnepark boppe Skiermûntseach komt neist it park Gemini dat ferline jier yn gebrûk naam is.

Trefwurden: 
wynpark Skiermûntseach
(advertinsje)
(advertinsje)