Kollum: "Seks sit tusken de earen"

27 mrt 2018 - 07:24

"In skoft lyn krige ik de fraach om in lêzing te hâlden yn it ramt fan De nacht fan de Filosofy. Hartstikke ynteressant en krekt wat. Sa’n lêzing moat lykwols goed taret wurde, dat dêr is men even mei beset. Om’t ik op ’t heden krap yn ’e tiid sit, waard him dat dus net. In oare kear, miskien. Want dy Nacht fan de Filosofy is wol in hiel aardich inisjatyf. Tagelyk bin ik my derfan bewust dat it foar in protte minsken like nijsgjirrich is as it drinken fan wetter. Of as in ûnderbroek fan de Zeeman. Of as in livestream fan in gemeenteriedsfergadering oer de hichte fan in ferkearsdrompel. Dochs kin filosofearjen spannend en prikeljend wêze. In foarbyld dêrfan is de lêzing dy’t Erik van Beek hâlde sil yn de Oba. Dy giet nammentlik oer de kulturele ferriking fan Pornhub.

Foar dyjingen dy’t it net witte: Pornhub is de grutste pornosite fan it ynternet. Ha se my ferteld. Yn syn lêzing sil Van Beek it deroer ha hoe’t porno ús seksuele belibbing beynfloedet, ús hâlden en dragen en de relaasje ta ús eigen lichem. Yn in ynterview seit Van Beek, as it oer it sjen nei porno giet, dat wy as minsken hieltyd mear de klam op it ynderlik belibjen fan seks lizze as earder. Ut ûndersyk blykt bygelyks dat jongeren hieltyd letter mei seks begjinne, mar hieltyd earder mei it sjen nei porno. Sa wurdt seks yndividueler en mear ynderlik belibbe. Hy seit dat it in trend is dy’tst breder sjen kinst: yn de midsiuwen wie it normaal om in boek lûdop te lêzen. No lêst elkenien stil en belibbet de fantasij yntern. Neffens him is dat ferlykber.

It sil ek gean oer de gegevens dy’tst út syktermen helje kinst. Sa blike manlju it meast op ‘moms’ en ‘milfs’ te sykjen, en froulike besikers op ‘lesbians’. Krityk fan froulju op porno is dat it tefolle fokust op de frou. De man is yn porno net in protte yn byld om’t mannen dêr net opwûn fan reitsje. Tagelyk is lesbyske porno by froulju populêr. Wat seit dat?

Van Beek sil it ek ha oer pornoferslaving, in serieuze oandwaning mei in grutte impact. Dat minsken dy’t faak en lang porno sjogge net mear mei opwining dwaande bin, mar mei it sykjen nei ferdôving: dy brûke it om stress ûnder kontrôle te hâlden. Hy sil it ha oer dat minsken der in luie fantasij fan krije kin. Omdatst troch Pornohub net mear aktyf hoechst te fantasearjen en der dus ôfhinklik fan wurde kinst.

Hawar, dat is dus ek filosofy. Maatskiplik relevant en sels needsaaklik. Want it giet oer it no en de takomst. Tink oan de grutte flecht dy’t de ferkeap fan seksrobots nimt. Of oan Virtual Reality. Oan in fenomeen as Deepfake, wêrby’t gesichten fan bekende akteurs en aktrises op it lichem fan porno-akteurs plakt wurdt. Net fan echt te ûnderskieden. In technyk dy’t foar elkenien troch in app beskikber is, en dus ek brûkt wurde kin om in oar yn diskredyt te bringen. Tapassingen dêrfan kinne jim sels betinke. En sels tinke en neitinke is filosofy. Dêr kin men wat fan opstekke. Mear as allinne de middelste skonk."

(advertinsje)