Rutger Hauer sil film opnimme yn Grinslân

Rutger Hauer © Omrop Fryslân
It hie eins noch in geheim bliuwe moatten, mar akteur Rutger Hauer út Beetstersweach hat yn it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door dochs ferteld dat er spylje sil yn in nije film, dy't opnommen wurdt yn it Grinzer Sâltkamp. Dat skriuwt RTV Noord.
Produksjemaatskippij Fourcorners hat befêstige dat se in koarte film opnimme sille oer in âlde man dy't al syn hiele libben fisker is. Ta syn grutte argewaasje fangt hy allinnich mar plestik ôffal. Op in dei fangt hy lykwols in bears en dat jout him wer moed. Wat der dêrnei bart, is noch in ferrassing. De draaidagen hat de produksjemaatskippij noch net bekend makke, om foar te kommen dat der in soad folk op de opnamen ôfkomt.