Bert Otten frege as ynformateur gemeente Hearrenfean

26 mrt 2018 - 23:12

Bert Otten út Amsterdam is frege as ynformateur foar de gemeente Hearrenfean. Hy waard benadere troch de PvdA, dy't foarige wike by de ferkiezingen de grutste partij waard yn dy gemeente. Foarich jier wie Otten ek ynformateur foar de nije gemeente Ljouwert. Hy wie earder wethâlder yn Hengelo en wurket no by Radar Advies yn Amsterdam.

(advertinsje)