Sân dagen drave troch sân foar stichting Noordzeeziekte

26 mrt 2018 - 22:47

Sipke Zeldenrust fan Nijemardum giet nije wike nei Marokko foar in bysûndere sponsoraksje foar stichting Noardseesykte. Zeldenrust sil yn Marokko meidwaan oan de Marathon des sables, in ultraloop fan 240 kilometer troch de Sahara. Zeldenrust hat de aksje opset tegearre mei syn freon Albert Feenstra fan Sint-Nyk, ien fan de 27 pasjinten mei dy seldsume sykte. Se hawwe de aksje de namme 'sân kear sân' jûn, omdat der sân dagen draafd wurde sil troch it sân fan de Sahara. Foar de ultraloop troch de Sahara hat Zeldenrust in spesjale útrissing oantúgd, wêrûnder in pet mei lange flappen, dy't him goed tsjin de sinne beskermet. Alles wat er ûnderweis nedich hat, moat Zeldenrust dravend meinimme yn in spesjale rêchsek mei sliepsek, kompas en iten.

Zeldenrust en Feenstra hawwe de aksje betocht om mear omtinken te krijen foar de tige seldsume Noardseesykte. De sykte wurdt feroarsake troch in muteard gen, wêrtroch't in aaiwyt net goed oanmakke wurde kin. Symptomen fan de sykte binne skokkende bewegingen fan hannen en fuotten, epileptyske oanfallen en oantaasting fan it spraakfermogen. De sykte is noch mar sûnt 2010 offisjeel erkend en hjit Noardseesykte, omdat er eins allinnich yn de lannen om de Noardsee hinne foarkomt. Oant no ta is der noch gjin echte terapy of behanneling. Op it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins (UMCG) is wol in ûndersiker dwaande mei wittenskiplik ûndersyk nei de Noardseesykte, mar dêr is folle mear jild foar nedich.

Mear ynformaasje oer de Noardseesykte en de sponsoraksje kinne jo fine op www.noordzeeziekte.nl. De earste 5.000 euro oan sponsorjild is al binnen, mar mear stipe is fan herte wolkom. 

(advertinsje)