Doarpswinkel yn Aldegea opset troch frijwilligers

26 mrt 2018 - 22:41

Doarpsbelang en de rekreaasjestichting fan Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân iepenje takom woansdei offisjeel de eigen doarpswinkel. Koartlyn sleatde lêste supermerk fan it doarp. Dat wie foar de doarpbewenners reden om mei-inoar dochs in winkel te iepenjen, mei beropskrêften en mei frijwilligers. Yn de doarpswinkel sille in soad lokale en farske produkten te keap wêze. Fierders kinne minsken ek kwaliteitswyn keapje yn de kelder ûnder de winkel.

Minsken út Aldegea en oare doarpen yn de buert kinne de boadskippen ek thús of op 'e camping delbringe litte. De rekreaasjestichting, dy't ek eigener is fan de haven en in swimplak, draacht it finansjeel risiko fan de doarpswinkel. "De foarsjenning fan in supermerk is net allinnich belangryk foar ús yn it doarp sels -  en dan benammen de âlderein -, mar ek foar toeristen dy't mei de boat yn it doarp komme", fertelt Christien Lycklama à Nijeholt. De doarpswinkel is en wurdt gjin ûnderdiel fan in keten, mar besiket it gewoan ûnder de namme Doarpswinkel, mei in website fan deselde namme. 

Trefwurden: 
Aldegea Súdwest-Fryslân
(advertinsje)