LF2018-edysje Turfrace sit fol: 16 skûtsjes en 12 preammen

Skippen yn it sintrum fan Drachten (argyffoto) © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De animo foar de spesjale tredde edysje fan de Turfrace Smellingerlân dit jier is grut. Gewoanwei wurdt de Turfrace om de trije jier holden, mar yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân is de edysje fan 2019 ferskood nei 2018. Yn Drachten makke wedstriidlieder Albert de Vries moandeitejûn bekend dat sechstjin skûtsjes en tolve preammen meidwaan sille oan de twa dagen duorjende wedstriid. Dêrmei is der gjin romte mear foar mear dielnimmers.
De Turfrûte wurdt dit jier hâlden yn it wykein fan 25 en 26 maaie en giet dizze kear fan De Feanhoop nei Drachten en fan Drachten nei Ljouwert. Yn Ljouwert sille de skippen yn optocht troch in stêd fol muzyk farre.